© Stichting Uitvoering Literaire Locatie Projecten - Ontwerp door Roy Ketelaar

© Stichting Uitvoering Literaire Locatie Projecten - Ontwerp door Roy Ketelaar

Gearwurking

Yn it projekt sil yntinsyf gearwurke wurde mei Doarpsbelang, benammen dêr’t it giet om de aktiviteiten dy’t yn Burchwert ûndernommen wurde om fan Burchwert in ‘skimerdoarp’ te meitsjen. Dêrtroch sil it projekt passe kinne yn it programma-ûnderdiel ‘Feel the Night’ fan KH Ljouwert/Fryslân 2018.

Der is ek kontakt mei de gemeente Südwest-Fryslân om de mooglikheden fan mienskiplike tarieding en it finen fan fûnsen te ûndersykjen.
Mei Flechtingewurk binne kontakten oer mooglike ynset fan flechtingen as frijwilliger. Dêrby giet it om it ynsetten fan asylsikers/statushâlders dy’t yn ‘e buert wenje. Sy soene dielnimme kinne oan it kreative diel en ynset wurde kinne op logistike en organisatoaryske aktiviteiten. Mids july 2017 sil dêr mear dúdlikens oer wêze.

Fierder wurdt der gearwurke mei BUOG en Tresoar. Troch de gearwurking mei profesjonele teatermakkers fan BUOG leare de spilers fan de toanielferiening en leden fan it muzykkorps bûten it bewende paad del te gean. Dat soarget foar nije kreative ideeën foar de takomst. Dêrnêst is der oerlis mei Keunstwurk en STAF.

Mei de Gerben Rypmastifting wurdt gearwurke foar it útjaan fan it boek.