© Stichting Uitvoering Literaire Locatie Projecten - Ontwerp door Roy Ketelaar

© Stichting Uitvoering Literaire Locatie Projecten - Ontwerp door Roy Ketelaar

It projekt

Yn de jiergearkomste fan doarpsbelang yn 2014 waard de fraach steld oft it doarp Burchwert net mear omtinken jaan koe oan ien fan de ferneamste âld-ynwenners: Tsjêbbe Hettinga. 

Dêrnei kaam it plan nei foaren om yn 2018 in Tsjêbbe Hettinga-manifestaasje op priemmen te setten dêr’t de Burchwerter “mienskip” yn sjen lit grutsk te wêzen op en har ferbûn te fielen mei Tsjêbbe Hettinga.

Der is foar it jier 2018 keazen om twa redenen:

1. Yn 2018 is it 5 jier lyn dat Tsjêbbe stoarn is.
2. 2018 is it jier fan Kulturele Haadstêd. As ambassadeur en pleitbesoager fan KH 2018 heart Tsjêbbe in plak te krijen yn it programma.

 

Sjen Yn It Tsjuster

Sechtich jier lyn wie Burchwert in lyts boeredoarp. De jûnen en nachten wiene roettsjuster. Lêzen waard dien by skimerlampen. De jûnen wiene koart en de minsken gongen betiid op bêd. Yn sa’n doarp groeide Tsjêbbe Hettinga op, op in pleats bûten de buorren. Syn wrâld wie, krekt as fan alle doarpsbern, lyts en sûnder soargen.  Mei it âlderwurden waard de wil om de wrâld te ferkennen grutter. Fysyk wie dat foar in doarpsjonge noch hieltyd lestich, de wrâld wie net grutter as wêrsto rinnende en op de fyts komme koest. Yn tinzen en dreamen wiene dy grinzen der net. In wrâld dy’tst net sjen kinst, kinst sels meitsje. De krêft fan de ferbylding waard fuorre troch it tsjuster. Dat tsjuster spile in grutte rol yn it libben fan Tsjêbbe. Al op jonge leeftyd krige er in eachsykte. It begûn mei nachtblinens. Dêrnei waard syn sicht oerdeis ek hieltyd mear beheind. Doe’t op lettere leeftyd Tsjêbbe syn eachsykte hieltyd slimmer waard, waard syn fysike wrâld hieltyd lytser, wat oerbleau wie de wrâld dy’t hy him mei syn geasteseach ferbyldzje koe.
Yn syn gedicht “Lytse jonge” (It doarp Always ready) stiet in jonge jonge sintraal ‘Jonge lytse jonge, rop my werom’. Tsjêbbe dichte oer fiere oarden, mar hâldt ek altiten in bân mei syn bertegrûn. De lytse jonge dy’t dreamde fan de grutte wrâld, mar ek de folwoeksen man dy’t altyd de jonge út it doarp bleau.

Dat men grut tinke mei, ek as men út in lyts doarp komt, stiet sintraal yn it projekt. In lyts doarp mei grutte ideeën, mar ek in lyts bern dat opgroeit yn in doarp en dreamt fan grutte dieden. Yn 2018 sil der út Burchwert wei, út it tsjuster, in each op ‘e wrâld wêze. Dêr wêr’t it ienris foar Tsjêbbe begûn, sil it fiif jier nei syn te betide dea, op ‘en nij begjinne. It doarp Burchwert wurdt it begjinpunt foar in tal ûnderfiningen dy’t plakfine út it tsjuster wei.

Yn trije wykeinen yn 2018 sil Burchwert yn it teken stean fan dreamen, langstme en ferbylding. 

 

Sa ropt it doarp Burchwert Tsjêbbe Hettinga werom!

 

By de oankomst foar de foarstelling rydt it publyk troch it ferljochte doarp. Elk kin de auto kwyt op de dêrta oanwiisde plakken. It publyk komt byinoar yn de tsjerke. De foarstelling begjint mei it hearre litten fan in part fan it gedicht. Dan liedt de klok, it ljocht yn de tsjerke giet út. It publyk wurdt yn in oantal groepen ferdield en nei bûten brocht. Bûten docht bliken dat it yn it hiele doarp tsjuster wurden is. Dan begjint it grutte aventoer, de auditive en sensitive reis by bysûndere plakken yn it doarp lâns. It binne de plakken dy’t beskreaun wurde yn it gedicht: de bertepleats fan de dichter, it wurkplak fan baas smid, de feartswâl by Wiersma, de hege piip (de brêge fan it doarp), de iisbaan. Yn lange kloften mei de hân op it skouder fan de foargonger, ûnder lieding fan in gids folget it publyk in rûte troch it tsjustere doarp. Op ferskate lokaasjes op de rûte binne bysûndere eveneminten dy’t in berop dogge op de ferbylding fan it publyk en op hieltyd wer oare sintugen sa as hearre, fiele, priuwe en rûke. Oan ‘e ein fan de foarstelling liedt de klok wer en giet it ljocht op in spesjale wize oan. It lêste diel fan it gedicht wurdt foarlêzen. It publyk bliuwt efter yn ferwûndering. Wat bliuwt binne de oantinkens fan de âldere man en de langst nei it doarp fan syn jonkheid.
Op sa’n wize wurde dielnimmers likegoed as publyk út harren komfortsône helle en belibje se in tige bysûnder en unyk aventoer.


De bysûndere eveneminten op de lokaasjes besteane út poëzij mei dichters sa as Tseard Bruinja, Sytse Jansma, Marije Roorda en Marloes Robijn, dy’t gedichten meitsje dy’t ynspirearre binne op it wurk fan Tsjêbbe Hettinga mei as tema dreamen, langstme en ferbylding. De muzykferiening Excelsior en oare muzikanten út Burchwert soargje foar de muzikale ynbring, krekt as it sjongkoar mei sjongers en sjongeressen út Burchwert en omkriten. De Burchwerter toanielferiening Nij Libben makket teater en ek it keunstige aspekt wurdt net fergetten. De Burchwerter keunstners Peter Hein en Ant v.d. Burg meitsje keunstwurken ynspirearre op it gedicht. In fotografysk keunstwurk, basearre op it lêste part fan it gedicht “Lytse Jonge”  fan de fotografe Martina Ketelaar slút de foarstelling ôf by it weromkommen fan it ljocht.
Al dy aktiviteiten belibbet it publyk út it tsjuster wei. Troch lûd, gefoel, tekst en priuwen sil de ferbylding prikele wurde. Sa ûntstiet der in auditive en sensitive teaterfoarstelling ynspirearre op it gedicht “Lytse Jonge”.


De foarstelling sil makke wurde yn gearwurking mei teatermakker Pieter Stellingwerf ( BUOG, SULT). Pieter Stellingwerf funksjonearret dêrby benammen as adviseur/coach. Yn de foarstelling wurde safolle mooglik spilers, muzikanten, sjongers, keunstners en oare meiwurkers út it doarp behelle. De rezjy is yn hannen fan ien of mear jonge teatermakkers dy’t coached wurde troch Pieter Stellingwerf. Sy dogge dêrmei nije ûnderfiningen op dêr’t se fierder mei kinne. Sintrale tema’s fan de foarstelling binne: dreamen, langstme en ferbylding. Under de foarstelling dogge alle ynwenners it ljocht út. Om dat allegearre op in goeie wize te koördinearjen is foar alle strjitten yn it doarp in earst ferantwurdlike beneamd dy’t de bewenners it teken jaan sil om it ljocht út te dwaan as de klok begjint te lieden.
It wurdt in lytsskalich, mar tige bysûnder, unyk barren. It bysûndere is dan dat de foarstelling yn de nacht plakfynt, by nije moanne. 


Datums foar de foarstellingen binne: 16, 17 maart, 13, 14 april en 7,8 septimber 2018. Dat binne 3 wykeinen mei 2 foarstellingen. In tal reservedatums wurdt letter fêststeld.


By ien foarstelling is romte foar 150 minsken, dy’t troch gidsen (ynwenners fan  Burchwert) yn groepen by de rûte lâns laat wurde.