© Stichting Uitvoering Literaire Locatie Projecten - Ontwerp door Roy Ketelaar

© Stichting Uitvoering Literaire Locatie Projecten - Ontwerp door Roy Ketelaar

Kontinuïteit

 

STULLP wol troch weromkommende aktiviteiten de bân tusken it doarp Burchwert en  de dichter Tsjêbbe Hettinga bliuwend yn omtinken hâlde. Dêrnêst wol de stifting trochgean mei it krewearjen foar in yntinsivere gearwurking tusken de ferskate kulturele ferieningen yn it doarp mei as doel it fersterkjen fan de doarpsmienskip.

Troch de ûnderfiningen fan de foarstelling leare de dielnimmers te tinken yn mooglikheden en troch de unike gearwurking ûntsteane der kânsen foar oare foarmen fan kulturele uteringen en en gruttere ferbûnens yn it doarp.

It dekôrobjekt dat troch byldhouwer Peter Hein makke wurdt, kriget in bliuwend plak yn it doarp.

Der sille ien kear yn de twa jier aktiviteiten organisearre wurde dy’t trochborduere op de gearwurking tusken de kulturele ferieningen yn it doarp dêr’t de kombinaasje fan ferskate keunstfoarmen sintraal by stiet, sa as dy yn it projekt ‘Sjen yn it tsjuster’ foar it earst stal kriget.

By de aktiviteiten sil oansluting socht wurde by de projekten fan Nynke Rixt Juckema en “Burchwert Skimerdoarp”.

By de ferfolchaktiviteiten sil de doarpsmienskip by it ûntwikkeljen, organisearjen en útfieren safolle mooglik behelle wurde.

In konkreet bliuwend gefolch fan it projekt is it útjaan yn 2017 fan in boek mei ferhalen fan (âld-)Burchwerters oer harren tiid mei Tsjêbbe yn it Burchwert fan de jierren ’50 en ’60 fan de tweintichste iuw. It boek sil útjûn wurde troch útjouwerij DeRyp fan de Gerben Rypma Stifting.

 

Plannen foar de perioade 2018-2020 binne:

  • Opfieren fan : “Under the Milkwood” fan Dylan Thomas yn de Fryske oersetting fan Tsjêbbe Hettinga

  • Muzyk op gedichten fan Tsjêbbe Hettinga troch muzikanten fan Burchwert.

  • Lêzingen oer de rol fan it Fryske plattelân yn de gedichten fan Hettinga

  • Tentoanstelling fan byldzjende keunst troch keunstners út de omkriten yn kombinaasje mei flechtlingen/asylsikers/statushâlders mei it hema “thús”

  • Nachtkuiers mei poëzij.

Om de gearwurking tuksen de ferskate kulturele ferieningen te stypjen, sille der workshops organisearre wurde om te learen hoe’t de ferskate keunstfoarmen súksesfolle kombinaasjes foarmje kinne, bygelyks muzyk, toaniel, literatuer, skilderkeunst, byldzjende keunst en fotografy.

 

Dy workshops sille fersoarge wurde troch de meiwurkjende jonge teatermakkers, fotografe en byldzjende keunstners.

 

Dêrtroch leare de amateurs dy’t der oan dielnimme, mei oare eagen te sjen nei de mooglikheden mei as resultaat hegere kwaliteit en mooglik nije ynstream fan talintfolle jongerein foar de belutsen ferieningen.
 

Dêrtroch sil Burchwert bekend bliuwe as it bertedoarp fan Tsjêbbe Hettinga en  krije de ferieningen en de hiele mienskip nije ympulsen dy’t it ek oantreklik makket foar de jongerein.