© Stichting Uitvoering Literaire Locatie Projecten - Ontwerp door Roy Ketelaar

© Stichting Uitvoering Literaire Locatie Projecten - Ontwerp door Roy Ketelaar

September 8, 2017

Please reload

Recente berichten

I'm busy working on my blog posts. Watch this space!

Please reload

Uitgelichte berichten

Burchwert op syn best!

April 11, 2018

Sjen yn it Tsjuster

 

It wie kâld, allerheiselik kâld! Hurde wyn!

Toch wiene der op 16 en 17  maart op beide jûnen 150 minsken  nei Burchwert kommen om Sjen yn  it Tsjuster by te wenjen.

 

Oan de reaksjes nei ôfrin te hearren ha se der gjin  spyt fan hân. It wiene allinne mar posityfe lûden yn it doarpshûs.

Sjen yn it Tsjuster  wie foar  it  publyk in ferrassende en sfearfolle foarstelling. Se wiene optein troch de moaie entourage fan it doarp yn it tsjuster en de blaue lampkes. It progamma yn de tsjjerke, alle scenes en it bysûndere einde makken in soad yndruk.

Om dit risseltaat te heljen is er toch in grutte groep frijwilligers hurd wurke. Fan ferskate minsken  krigen we  te hearren dat se it  bysûnder  fûnen dat soks yn sa’n lyts doarpke realiseart wurde  koe.

Dat is yndie bysûnder. Mar it  is net fansels kommen. Fanôf 2015 is in groepke minsken dwaande west mei dit projekt en ha in soad útein set om it hiele doarp der by te belûken. Dat gong net  fansels. Mar langsamerhân feroare de skepsis yn entousiasme.

Oan de foarstellings diene 150 minsken mei wêrfan it grutste diel út Burchwert.

Alle ferienigings diene mei. De rest fan de Burchwerters , op in pear nei, diene mei troch it ljocht yn hús út te dwaan.

Tidens  presentaasjes fan it  projekt begûn ik myn ferhaaltsje faak mei de sin: “Dat je grut tinke meie, ek as je út in  lyts doarp komme, dêr giet dit  projekt oer.”

No we ha grut  tocht en we ha wat gruts delset.

Dit projekt hat er foar soarge dat de mienskip fan  Burchwert sjen litte  koe welke talinten der allegearre binne en hat de  bân fersterke.

GRUTSK OP BURCHWERT!

As  bestjoer  fan STULLP wolle wy alle  meiwurkers, alle doarpsbewenners tige tank sizze foar de bydrage  oan it sukses fan it earste wykein. We rekkenje wer op jim by de twa folgjende wykeinen.

 

Share on Facebook
Share on Twitter
Please reload

Volg ons

I'm busy working on my blog posts. Watch this space!

Please reload

Zoeken op tags
Please reload

Archief
  • Facebook Basic Square
  • Twitter Basic Square
  • Google+ Basic Square